Man op It Fean delstutsen

10 mrt 2006 - 13:03

In man út Wolvegea (20) is ôfrûne nacht op It Hearrenfean mei in mes yn 'e rêch stutsen. De man hie yn in hoarekasaak spul krigen mei in tal ûnbekenden. Op strjitte fochten se fierder. Dêr waard de man delstutsen. De fertochten naaiden út yn in auto.

Om't in tsjûge it kenteken opskreaun hie, koe de plysje de manlju op de A6 oanhâlde. It giet om twa manlju (21 en 22) út Emmeloord en in Amsterdammer (20).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)