Man op bleate fuotten oppakt

01 nov 2009 - 14:32

In 24-jierrige man fan Haulerwyk is sneintemoarn betiid yn syn wenplak oanhâlden foar fernieling. Hy hie op in parkearde auto stean te springen. De man hie syn skuon en wat klean by de auto efterlitten.

Om't er op bleate fuotten rûn wie it foar de plysje net al te dreech de man te finen. Konfrontearre mei de fynst fan de skuon bekende er eigner te wêzen fan de skuon. Hy is meinaam nei it buro. De eigner fan de auto hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)