Man omkommen by oanriding

29 okt 2005 - 16:22

In 76-jierrige ynwenner fan Surhústerfean is freed by in oanriding op de Kealewei ferstoarn. It slachtoffer siet op de fyts en woe op de krusing fan de Kealewei en de Koartwald oerstekke.

De man seach by it oerstekken net goed út en waard oanriden troch in frachtweinsjauffeur út Surhústerfean. In ambulânse en in traumahelikopter koene neat mear foar de man dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)