Man omkommen by bedriuwsûngelok

10 sep 2006 - 14:43

By in bedriuwsûngelok yn Ljouwert is sneontemoarn in ynwenner fan Rijssen om it libben kaam. De man wie dwaande plestik platen yn te laden by in bedriuw op yndustieterrein De Hemrik.

Troch ûnbekende oarsaak binne de platen fan 70 kilo it stik op it slachtoffer fallen. De brânwacht besocht him noch te befrijen mar de man wie yntusken ferstoarn. Syn broer dy't by him wie, is licht ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)