Man omkaam by wurk yn Drachten

24 nov 2007 - 13:16

In 61-jierrige ynwenner fan Goor is freedtemiddei om it libben kaam by in bedriuwsûngelok op de Omloop yn Drachten. It slachtoffer wie dwaande mei it stoarten en glêdstriken fan beton yn fundearingsstroken. Troch noch ûnbekende oarsaak kantele de betonmjukser. De gyk fan de mjukser rekke de man. Hy ferstoar op it plak sels.

De Arbeidsynspeksje hat in ûndersyk ynsteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)