Man oertrêdet stadionferbod

13 aug 2014 - 11:01

In 25-jierrige Ljouwerter is op 'e nij oanholden om't er him net hâlden hat oan in stadionferbod yn syn wenplak. De man moat 14 dagen de sel yn. De Ljouwerter wie ien fan de Cambuursupporters dy't op 1 april it Cambuurstadion bestoarme, fernielings oanrjochte en trainer Dwight Lodeweges bedrige. Dat barde neidat Lodeweges oankundige dat er nei SC Hearrenfean gean soe.

De 25-jierrige man krige fan de rjochter in stadionferbod oplein. Nettsjinsteande it ferbod wie de man mei de iepen dei fan Cambuur op 'e nij yn it stadion.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)