Man oerriden troch oanhingwein

05 nov 2006 - 15:45

Der hat sneintemoarn in oanriding west tusken in fytser en in persoane-auto op de Ringdyk by Turns. De fytser, in man (19) út Turns ried neist in oare fytser. Se waarden fan achteren ynhelle troch in auto mei oanhingwein.

De bestjoerder (21) fan de oanhingwein wie in bekende en bleau neist de manlju riden foar in praatsje. De fytser ferlear syn lykwicht en foel. De oanhingwein ried oer him hinne. Hy is oerbrocht nei it sikehûs yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)