Man oerfallen yn Griene Stjer

15 jan 2006 - 12:37

In 43-jierrige ynwenner fan de gemeente Ferwerderadiel is freedtemoarn oerfallen yn it Griene Stjer-gebiet by Ljouwert. De man hie de auto parkeard en siet sels op in bankje. Dêr waard er oansprutsen troch in man.

Se rûnen mei inoar fierder it rekreaasjegebiet yn, mar dêr pakte de oerfaller in fjoerwapen en bedrige de man. De oerfaller is útnaaid mei de beurs en de autokaaien fan it slachtoffer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)