Man oerfallen op wurk

10 mrt 2009 - 10:12
  • It bedriuw dêr't de man oerfallen is

In man fan 62 jier is moandei yn Harns oerfallen yn it bedriuw dêr't er oan it wurk wie. Tsjin seizen kamen twa manlju it bedriuw oan de Industriewei yn. De iene hie in bivakmûtse op, de oare in panty oer de holle. Se bedrigen de man mei in mes en easken jild.

Neidat de man har it jild út de klûs jûn hie, bûnen se him fêst en sleaten se him op. Dêrnei binne se útnaaid. De man koe him sels losmeitsje en warskôge doe de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)