Man oanriden troch auto

07 jan 2010 - 10:42

De plysje is op syk nei in automobilist dy't woansdei op it Noardfliet yn Ljouwert in man oanriden hat. Dy rûn oan 'e kant fan 'e dyk omdat der op 'e stoepe in auto parkeard stie. Op 'e dyk waard er rekke troch in foarbykommende Mercedes en foel. De bestjoerder fan de auto stoppe yn earste ynstânsje, mar ried dêrnei troch.

De plysje siket no de automobilist, mar ek minsken dy't wat sjoen hawwe wurdt frege kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)