Man oanholden nei trochriden

07 mrt 2006 - 10:24

In 21-jierrige man út Marsum is snein troch de plysje oanhâlden. Hy wie op de Sophialeane yn Ljouwert trochriden nei in oanriding. De Marsummer hie te let sjoen dat by in minyrotonde twa auto's tsjin elkoar oan botst wiene en rekke ien fan de auto's.

De plysje fûn de auto fan de Marsummer in oere letter op in parkearplak oan de Jacob Binckesstrjitte. Flakby waard dêrnei ek de bestjoerder oanhâlden. Hy waard meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)