Man oanholden nei achterfolging

02 okt 2006 - 10:17

De plysje hat moandei in 25-jierrige man út Kollumerlân oanholden. Hy krige yn Hurdegaryp in stopteken. De man naaide lykwols hurd út. De plysje sette de achterfolging yn en mei 140 yn 'e oere gie it rjochting Feanwâlden.

Dêr staakte de plysje de achterfolging. Nei in syktocht waard de fertochte oantroffen yn Westergeast. Op it buro die bliken dat it rydbewiis fan de man ûnjildich wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)