Man oanholden mei harddrugs

12 mrt 2007 - 10:25

De plysje hat snein yn Wergea in Ljouwerter oppakt foar drugsbesit. De fertochte stie yn in foartún en hie in wat frjemd ferhaal. De bewenners warskôgen de plysje. Dy woe de man meinimme nei it buro, mar doe't de Ljouwerter dat yn 'e gaten hie, naaide er út.

Nei in pear meter gong de man ûnderút, en koe de plysje him oanhâlde. Op it buro die bliken dat er 27 pûdsjes mei speed by him hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)