Man oanholden mei drugs op

25 aug 2009 - 10:41

De plysje hat moandei in 28-jierrige Ljouwerter oanholden foar it riden mei drugs op. Tsjin 9 oere krige de plysje in melding dat op de Sudergrêftswâl in man yn in auto net goed wurden wie. De plysje koe de man amper wekker krije. Hy wie folslein fan de wrâld.

De plysje hat de man út syn auto helle en oanholden. Yn ien fan syn bûsen fûn de plysje in fleske GHB. Op it buro is in bloedproef dien. De man hat proses-ferbaal krigen. Nei in pear oeren mocht er wer nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)