Man oanholden foar mislediging

21 okt 2013 - 12:25

In 52-jierrige man út Appelskea is sneintejûn troch de plysje oanholden foar mislediging fan in plysjetillefoniste. De man belle sneintemiddei rom tsien kear nei it lanlik tillefoannûmer en misledige de frou. De Appelskeaster is yn syn wenning oanholden. Ek by syn oanhâlding en ynsluting wie de fertochte agressyf. De man mocht nei ferhear wer nei hûs. De plysje hat proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)