Man oanholden foar mishanneling

11 des 2006 - 10:17

De plysje hat sneintenacht in ynwenner fan Ljouwert yn syn wenplak oanholden foar mishanneling. De fertochte sloech sûnder oanlieding in 37-jierrige stedsgenoat yninoar.

It slachtoffer krige klappen en foel dêrtroch op 'e grûn. Dêrnei krige er noch in pear skoppen. De fertochte sit fêst op it buro. It slachtoffer waard behannele troch ambulânsepersoniel en koe dêrnei wer nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)