Man oanholden foar brânstichting yn natuergebiet

14 maaie 2015 - 10:26
  • De Blauwe Bosk by Haulerwyk

In 19-jierrige ynwenner út de gemeente Eaststellingwerf is woansdeitejûn oanholden op fertinking fan brânstichting yn natuergebiet it Blauwe Bosk tusken De Haule yn Haulerwyk. De brânstichting fûn moandei plak op in heidefjild. Tsjûgen hiene in fertocht persoan fuortfytsen sjoen. Nei oanlieding fan dizze tip en fierder ûndersyk koe de 19-jierrige man oanholden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)