Man oanhâlden op fertinking fan oantaasting frou

05 aug 2015 - 13:58

De plysje hat woansdeitemoarn in 32-jierrige man út de gemeente Westerveld oanhâlden op fertinking fan oantaasting fan in frou yn it Skoatterwâld by It Hearrenfean. Dat barde ein july. De frou waard nei eigen sizzen achterfolge troch de man doe't se op de fyts troch it sintrum fan It Hearrenfean fytste.

Yn it Skoatterwâld luts de fertochte har fan de fyts en taaste har oan. Ek waard de frou mishannele. Op basis fan kamerabylden koe de plysje de 32-jierrige fertochte oanhâlde. Hy wurdt noch heard oer dizze saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)