Man oanhâlden mei xtc en coke

24 apr 2006 - 11:15

De plysje hat snein yn Ljouwert op de Curaçaostrjitte in Amsterdammer(23) oanhâlden. De man hie 16 xtc-pillen yn syn sokken ferstoppe. Ek hie hy in gram cocaïne by him. De Amsterdammer en noch in oare man foelen op, omdat se mear as twa oeren yn in auto sieten.

Doe't de plysje in praatsje makke diene de manlju frijwat senuweftich. De Amsterdammer joech yn earste ynstânsje in falske namme op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)