Man oanhâlden mei falsk jild

16 sep 2014 - 12:56
  • jild

In 20-jierrige man út Alkmaar is moandeitemiddei op It Hearrenfean oanhâlden neidat hy betelle hie mei falsk jild. Dat wie yn in winkel oan de Vleesmarkt. Dêrnei gie hy hurd fuort. De warskôge plysje hat de man oan de Sieversstrjitte oanhâlden en hat him ynsletten.

By it fûillearjen waard noch in twadde falsk biljet fan 50 euro fûn. De biljetten binne yn beslach nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)