Man oanhâlden mei drugs

17 okt 2007 - 10:34

In 26-jierrige ynwenner fan Sweagerbosk is tiisdei yn Twizelerheide oanhâlden op fertinking fan hannel yn softdrugs. Plysjes seagen de man mei twa oare jongeren op it krúspunt Ikewei-Wyldpaed stean en fermoeden dat se hannelen yn drugs.

Doe't de plysje de trije dêrop oanspruts, naaide de 26-jierrige man út. Hy koe letter oanhâlden wurde. De man hie 19 pûdsjes mei softdrugs by him. De fertochte sit foarearst fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)