Man oanhâlden foar ûntfiering

05 sep 2003 - 00:00

De plysje hat freedtemoarn in man fan 63 út Ryptsjerk oanhâlden foar de ûntfiering fan Lusanne van der Gun. De man hat yntusken bekend. De plysje kaam de man op it spoar nei oanlieding fan tips. In tipjouwer hie in kenteken notearre, dat nei de fertochte liede.

De man hat losjild easke, mar dat is net útbetelle. Hy seit allinnich hannele te hawwen, mar de plysje slút in twadde dieder net út. Yn Ryptsjerk en 2e Exloërmond binne huzen trochsocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)