Man oanhâlden foar strjitrôf

10 maaie 2011 - 10:49

Yn Ljouwert is moandei in man (32) út de stêd oanhâlden, omdat er de beurs fan in frou út har tas stellen hie. In tsjûge hie dat sjoen. It barde yn in winkel oan de Lieuwenburg.

De tsjûge sette de achterfolging yn en seach hoe't de fertochte by ien achter op de fyts sprong. De tsjûge belle de plysje en bleau de twa folgjen. Hy joech hieltiten troch wêr't se wiene en sa koe de plysje de fertochte lang om let oppakke. Hy is meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)