Man oanhâlden foar stellerij

24 sep 2010 - 20:23

Mei de oanhâlding fan trije jongeren fan It Hearrenfean hat de plysje in tal ynbraken en stellerijen oplost. De saak kaam oan it ljocht doe't in 20-jierrige man oanhâlden waard foar it stellen fan in brommer. Hy hie dat dien mei twa oaren.

By hússiking yn de wente fan de man waard guod fûn dat stellen wie út in kiosk by rekreaasjegebiet De Heide. It stellen guod is yn beslach naam. De man sit foarearst noch fêst. De oaren binne yntusken wer frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)