Man oanhâlden foar oplichting

21 aug 2009 - 10:06

In ynwenner (20) út Droegeham is tongersdei yn Burgum oanholden op fertinking fan oplichting. De man wie op de Dr. Hornstrasingel mei in falske list oan it kollektearjen foar it KIKA-fûns. Ien fan de bewenners dêr't de man oan de doar kaam fertroude it net en belle de plysje. Nei in syktocht en mei help fan in tal minsken koe de man yn in skuorre oanholden wurde.

De fertochte hie in dei earder ek kollektearre yn Drachten en Noardburgum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)