Man oanhâlden foar mishanneling yn Reduzum

09 jan 2016 - 13:09

In 21-jierrige man út Jirnsum is yn de nacht fan freed op sneon yn Reduzum oanhâlden foar fernieling en mishanneling. De man hie in 18-jierrige ynwenner fan Smellingerlân slein en tsjin syn auto skopt, sadat dy skea oprûn.

De man út Smellingerlân wie nei Reduzum kaam nei't er in telefoantsje krigen hie dat kunde himsels wat oandwaan woe. Doe't er oankaam, foel de Jirnsumer him fuortendaliks oan. It slachtoffer wist te ûntkommen en warskôge de plysje. Dy hat de fertochte oanhâlden, mar siket noch tsjûgen fan it foarfal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)