Man oanhâlden foar mishanneling

30 apr 2006 - 17:09

De plysje hat sneontejûn in man (50) fan it Hearrenfean oanhâlden fanwege mishanneling. De man hie yn in kafee oan 'e Oude Koemarkt spul krigen mei in Jobbegeaster(24). De Feanster soe de kompenijster yn it gesicht slein hawwe. Bûtendoar soe er de man ek nochris yn it liif trape hawwe.

De man is troch de plysje oerbrocht nei it plysjeburo. It slachtoffer hat by de plysje oanjefte dien fan mishanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)