Man oanhâlden foar bedrigings

08 apr 2011 - 21:03

In 30-jierrige man fan De Harkema is tongersdei troch de plysje oanhâlden op fertinking fan bedriging en twa pogingen ta ynbraak. Op 11 en 25 maart fûnen yn De Harkema in oantal bedrigings plak. De man fan De Harkema hie dat dien.

It die bliken dat hy út Noard-Brabân komt en dêr wol faker yn oanrekking mei de plysje west hat. Sûnt koart wennet hy yn Fryslân. Begjin maart waard besocht yn te brekken by in bedriuwsgebou en wenning yn De Harkema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)