Man oanhâlden foar bedriging

26 des 2005 - 09:59

De plysje hat yn 'e nacht fan sneon op snein yn Surhuzum in man (34) út Achtkarspelen oanhâlden fanwege bedriging. De man hie oan de doar west by in Surhuzumer (65) en dêrby tsjin de man sein dat er weromkomme soe mei in honkbalkneppel.

By oanhâlding hie de man in honkbalkneppel yn 'e auto. De plysje hat dy kneppel yn beslach nommen. Omdat de fertochte ûnder ynfloed wie, waard it rydbewiis fan 'e man ek ynfoardere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)