Man net goed achter it stjoer

17 apr 2012 - 09:52

In 51-jierrige autobestjoerder út Stiens is moandei reanimearre, omdat er op de A32 net goed waard. Hy ried dêrtroch tsjin de fangrail en kaam ta stilstân op de flechtstripe. Foarbygongers warskôgen de helptsjinsten. Doe't de plysje oankaam, wie it slachtoffer krekt wer bykommen. Under it petear mei de plysje foel er ynienen wer fuort.

Personiel fan de ambulânse hat de man reanimearre en nei it sikehûs fan Ljouwert brocht. Troch it ûngelok ûntstie in file. Dêryn fûnen noch trije kop-sturt-botsingen plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)