Man nei bedriging oppakt

18 mrt 2009 - 17:04

In man (63) út Ljouwert is woansdei op de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert oanhâlden om't er ien bedrige mei in mes. De man makke stekkende bewegings op it busstasjon yn de stêd.

De plysje krige in melding en hearde dat de man ûnderwilens op in stedsbus stapt wie. De bus waard klemriden op de Harnzerstrjitwei. De Ljouwerter bliuwt foarearst fêstsitten yn ferbân mei it ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)