Man negeart stopteken plysje

20 jun 2010 - 17:08

Yn Rinsumageast is sneontenacht in 50-jierrige man út dat plak oanholden op de Melkemawei. Plysjes op 'e fyts seagen dat it achterljocht fan syn auto stikken wie en doe't de bestjoerder dat fernaam die er gau de rym om. Ien fan aginten fytste op mei de auto en tikke op it rút. De man reagearre dêr net op en naaide út.

Letter kaam de plysje de man wer tsjin en se joegen him in stopteken. Hy ried lykwols hurd troch en de plysjes moasten oan 'e kant springe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)