Man naait út by kontrôle

23 des 2011 - 11:00

In 27-jierrige man fan It Hearrenfean is tongersdei hurd fuortriden by in plysjekontrôle yn syn wenplak. De man waard op de Haskerútgong oanhâlden, omdat er mei drank op achter it stjoer siet, syn auto net fersekere wie en er gjin rydbewiis hie. Doe't de plysjes him nei syn rydbewiis fregen, joech de man ynienen gas en ried hurd fuort.

De plysje fûn de auto werom yn de Tureluurstrjitte. De fertochte waard op de Ratelaar fûn. Hy krige in proses-ferbaal en in rydferbod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)