Man moat rydbewiis ynleverje

03 sep 2007 - 10:10

In 43-jierrige autobestjoerder út de gemeente Dongeradiel moast snein it rydbewiis ynleverje, omdat de man fiersten te hurd ried.

Ek hie de fertochte tefolle dronken. De man ried by Kollumerpomp by in laserkontrôle 137 kilometer yn 'e oere, wylst 80 kilometer dêr de maksimumsnelhyd is. Nei in achterfolging koe de fertochte yn Muntsjesyl oanholden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)