Man moat rinnend nei hûs nei plysjekontrôle yn Drachten

06 mrt 2016 - 16:55

In 27-jierrige automobilist fan De Harkema moast sneontejûn rinnend nei hûs, neidat er trappearre wie troch de plysje yn Drachten. De man wie op de Bohrlaan kontrolearre. It die bliken dat er gjin jildich rydbewiis hie.

Ek siet der gjin APK op syn auto. De Harkyt hat in proses-ferbaal krigen en is rinnendewei fierder gien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)