Man mislediget plysjes

18 sep 2011 - 15:12

In 36-jierige man út Easternijtsjerk is yn de sneontenacht oanhâlden op Skiermûntseach foar it misledigjen fan de plysje. De plysje kaam ôf op de melding dat de man yn in hoarekagelegenheid oan de Reeweg siet dêr't hy net mear komme mocht.

Doe't se oankamen stie de man al bûten al kaam hy hieltyd werom. By de lêste warskôging dat net te dwaan, misledige hy de plysjes en waard dêrfoar op 'e bon slingere. Hy krige ek noch in bon omdat er dronken wie yn it iepenbier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)