Plysje misledige by kontrôle

22 apr 2014 - 10:39
  • Alkoholkontrôle

In ynwenner fan Zevenhuizen (23) is moandei yn Makkingea oppakt, omdat er plysjeminsken misledige hie. De plysje wie dwaande mei in alkoholkontrôle op de Oosterhuisweg doe't de fertochte fanút in ridende auto de plysjeminsken de hûd folskold.

De man is oan de kant setten en oanhâlden. By de kontrôle binne yn totaal tachtich automobilisten kontrolearre. Gjinien hie tefolle alkohol dronken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)