Man mislediget en flibet nei plysjes Hearrenfean

19 apr 2015 - 09:27

Foar mishanneling en it fersteuren fan de iepenbiere oarder is in 30-jierrige ynwenner út Aldskoat sneontenacht oanhâlden. De man hie rûzje mei ien op it Boargemaster Kuperusplein op It Hearrenfean. Doe't plysjes de twa út mekoar hellen, waard ien fan de plysjes troch de man út Aldskoat fuorttreaun.

De man waard oanhâlden, mar fersette him bot. Under twang is er yn de plysje-auto setten en yn de hânboeien slein. Under de rit nei it plysjeburo flibe hy noch in plysje yn it gesicht en misledige hy de plysjes. De man sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)