Man mishannelet syn frou

10 maaie 2014 - 10:33
  • Fûst

In 63-jierrige ynwenner fan Weststellingwerf hat freedtenacht syn frou mishannele en bedrige mei in mes. De man is dêrnei útnaaid, mar ried op de Dwersfjildwei by Boyl yn in greppel.

Ut in test fan de plysje die bliken dat de fertochte tefolle dronken hie. De man is oppakt. Syn frou hat oanjefte tsjin him dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)