Man mishannelet plysjeman

27 sep 2007 - 10:11

In man út Himmelum (32) is woansdei yn Ljouwert oanhâlden foar mishanneling, it trochriden nei in oanriding en it riden mei drank op. De fertochte gong ûnder oaren in plysjeman te liif.

De man wie tsjin in oare bestjoerder opbotst en woe neffens in getuge útnaaie. De bestjoerders krigen spul. In plysje spruts de fertochte oan, mar dy waard lulk en treau him oan de kant. By de oanhâlding biet er de plysjeman sa dat it bloed derút kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)