Man mishannelet frou yn Ljouwert

02 jan 2016 - 13:04

In 48-jierrige man út Ljouwert is freedtejûn oanhâlden foar de mishanneling fan in frou. Ambulânsepersoniel hat it slachtoffer op it plak fan de mishanneling ûndersocht. Se moast dêrnei nei it MCL yn Ljouwert foar fierder ûndersyk.

De fertochte naaide nei de mishanneling út, mar koe oanhâlden wurde troch de plysje. Dy ûndersiket de saak no.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)