Man mishannelet freondinne

05 feb 2011 - 14:17

De plysje hat freedtenacht in man (30) út Boelensloane oanholden foar mishanneling. Hy hie syn freondinne (28) yn elkoar slein en bedrige. De frou waard ophelle troch har heit en nei de wenning fan har âlders yn Koatstertille brocht. Eefkes letter stie har freon mei syn âlders foar de doar. Oer en wer waard der slein.

Uteinlik gie de fertochte mei syn âlders werom nei Boelensloane. Dêr waard er oppakt troch de plysje. Hy sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)