Man mishannelet freondinne

21 sep 2014 - 10:46

De plysje hat sneon in 28-jierrige man út Dedemsvaart oanhâlden fanwege swiere mishanneling fan syn freondinne, in 46-jierrige frou út Wynjewâld. It stel krige spul yn de wenning fan de frou, omdat sy de relaasje útmakke hie.

De man sloech de frou hjirby sa bot, dat se swier ferwûne rekke oan har holle. De frou waard mei in brutsen eachkas en in swiere harsenskodding opnommen yn it sikehûs. De fertochte waard letter yn syn wenplak oppakt en ynsletten. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)