Man mishannelet famke fan 14

16 jun 2007 - 13:59

In man (43) út Minnertsgea is oppakt foar it mishanneljen fan in 14-jierrige doarpsgenoate. It famke stie mei oare jongeren te praten oan de Suderwei yn Sint Jabik doe't de fertochte oanriden kaam yn syn auto. De man stapte út en mishannele en bedrige it famke.

De plysje hat de man letter oanhâlden yn syn eigen hûs. De oanlieding fan 'e mishanneling soe in âlde rûzje wêze mei de famylje fan it famke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)