Man mishannelet berntsje

14 okt 2007 - 15:18

De plysje hat sneontemiddei in Harnzer (37) oanholden op fertinking fan mishanneling fan syn berntsje. In tsjûge seach dat de fertochte yn de parkeargaraazje oan it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert syn soantsje mishannele.

It bern waard meardere kearen skopt, wylst it yn elkoar dûkt op de grûn lei. In frou, nei alle gedachten de mem, stie der by mar grypte net yn. De man is letter thús yn Harns oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)