Man mishannele yn Ljouwert

15 jun 2013 - 10:57

De plysje ûndersiket in mishanneling dy't yn de nacht fan freed op sneon west hat op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. In 17-jierrige Ljouwerter stie mei in tal freondinnen by de fytsestalling doe't der trije manlju foarby kamen dy't ferfelende opmerkings makken nei de famkes. Doe't it slachtoffer hjir wat fan sei waard hy troch de manlju slein en doe't hy op de grûn lei ek noch tsjin de holle skopt. De manlju naaiden dêrnei út. It slachtoffer wie sa bot ferwûne dat hy mei de ambulânse nei it sikehûs brocht wurde moast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)