Man mishannele yn Harnzer kafee

28 aug 2015 - 12:10

In man fan 58 jier út de gemeente Súdwest-Fryslân is yn de nacht fan tongersdei op freed mishannele yn in kafee yn Harns. Hy is mei earnstich letsel oan de holle nei it sikehûs brocht. De mishanneling fûn plak yn in kafee oan de Grote Bredeplaats.

De plysje hat yn de rin fan fan de freedtemoarn in 35-jierrige Harnzer oanhâlden op fertinking fan de mishanneling. De man sit fêst. It is dit wykein drok yn Harns fanwege de fiskerijdagen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)