Man mishannele yn Burgum

20 des 2009 - 15:04

In man (64) is sneontemiddei yn syn wenplak Burgum mishannele troch in automobilist (20), ek út Burgum. De man kuiere mei syn frou oer strjitte.

Hy ergere him oan it rydgedrach fan twa autobestjoerders, dy't har auto slippe lieten. Omdat dat neffens de man in gefaarlike situaasje opsmiet foar kuierders, sloech de man mei de hân op ien auto. De bestjoerder stapte dêrnei út en sloech syn plakgenoat in tal kearen yn it gesicht. De plysje koe de dieder efkes letter oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)