Man mishannele op Skylge

31 des 2006 - 14:36

De plysje docht ûndersyk nei in swiere mishanneling dy't sneintemoarn plakfûn hat yn in wenning op Skylge. In 27- jierrige man út Emmen, dy't tydlik op it eilân wennet, is nachts yn de wenning mishannele troch in bekende fan him, in man út Harns (43).

Nei in rúzje hie de fertochte de wenning koart en klein slein en hie er it slachtoffer in pear klappen jûn. Dy rekke op meardere plakken ferwûne oan de holle. De fertochte is noch net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)