Man meldt him yn saak Bouma

14 apr 2010 - 15:26

De man dy't troch de plysje socht waard yn de saak Bouma, hat him meld. Hy hie in pear dagen nei de moard op Pietje Bouma fan Frjentsjer wat út it gers helle.

Yn Opsporing Verzocht waard tiisdei omtinken jûn oan de saak. Om't de plysje it wapen noch net fûn hat, waard de man socht dy't wat fan it gers helle hie. It docht bliken dat er in leech blikje oppakte, om dat dêrnei yn in ôffalbak te smiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)